BLAUHUS – Fanwege grutte belangstelling earder dit jier organisearret de Gerben Rypma Stifting fan Blauhûs freedtejûn 12 desimber nóchris in optreden fan it populêre Kroechteaterstik Krimp, 20.00 oere yn kafee de Freonskip.
Krimp is de opfolger fan Katarsis en Kredo, skreaun troch Gerrit Breteler en spile troch Anke Bijlsma en Gerrit Haaksma. Mei namme de soargen foar de teloargong fan it Fryske Plattelân is in werom kommend tema yn it wurk fan Breteler.
It stik spilet him ôf yn in doarpskafee. De gefolgen fan de ynsette krimp op it Fryske plattelân biede genôch ynspiraasje om de besikers fan dit kafee harren ferhaal dwaan te litten.
‘Krimp’ is goed foar in jûntsje humoristysk toaniel troch twa goede, entûsjaste akteurs.
Reservearre kin fia www.gerbenrypma.nl
#bolswardsnieuwsblad #Friesland